Blauhús wurdt de kommende dagen wer omtsjoend ta Fyfkesryk

Blauhús wurdt de kommende dagen omtsjoend ta Fyfkesryk. It doarp stiet dan hielendal yn it teken fan karnaval. Freedtejûn barst it feest los. Dan wurdt ek bekend makke wa't prins karnaval is. By de measte karnavalsferienings wurdt dat op 11 novimber al dien, mar yn Blauhús is it tradysje om dit oant it begjin fan it feest geheim te hâlden.
De tariedings binne al begûn. Dit wykein is de grutte karnavalspoarte by de doarpskroech boud en binne de plaknammebuorden ferfongen.
Sneintejûn wurdt it feest yn it doarp ôfsletten en wurdt Fyfkesryk wer Blauhús.