Steateleden binne te min belutsen by SNN

Steateleden yn de trije noardlike provinsjes ha it yn har fergaderingen amper oer it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Dit is it gearwurkingsferbân fan Fryslân, Grinslân en Drinte dat alle jierren miljoenen euro's oan projekten yn de noardlike ekonomy besteget.
Sûnt 2009 skowe fan alle provinsjes trije steateleden oan by it deistich bestjoer, mei deryn de trije kommissarissen fan 'e Kening en in tal deputearren. Mar dy wurkwize hat net folle opsmiten, sa docht bliken út in evaluaasjerapport.
Dêrom sil in wurkgroep no foarstellen dwaan dat te ferbetterjen. Sa soe it hâlden fan ynformele gearkomsten der foar soargje kinne dat steateleden better belutsen wurde by de projekten.