WK ôfstannen op Thialf mei Fryske kânshawwers

10 feb 2015 - 21:06

Tongersdei begjint yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean it WK ôfstannen reedriden. It toernoai duorret fjouwer dagen. Dêrnei kin de grutte 'fernijbou' fan it iisstadion begjinne. Mar earst omtinken foar de Fryske reedriders en -rydsters dy't op it eigen iis wat sjen litte wolle. Dat binne op de earste dei Jorrit Bergsma op de 10 km en Ireen Wüst op de 3000 meter. Op freed komme Marrit Leenstra en Ireen Wüst yn aksje op de 1000 meter en Sven Kramer en Douwe de Vries op de ploege-efterfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)