"Net oertsjûge dat der by Blokker 440 minsken út moatte"

© ANP
Fakbûn FNV is noch net oertsjûge fan de needsaak fan it ûntslach fan 440 minsken by Blokker. Dat seit it bûn nei it earste oerlis mei de direksje. De fakbûnen ha wol in soad ynformaasje krigen fan de keten. Dêr binne se posityf oer, mar se wolle graach mear witte oer de ûnderbouwing om sa'n grut oantal minsken dien te jaan.
Der is ek praat oer in sosjaal plan foar de meiwurkers. De bûnen wolle in fatsoenlike ûntslachregeling en begelieding fan wurk nei wurk. Se sille no earst oan de leden freegje wat dy wolle.
Blokker hat yn Fryslân 21 winkels. Acht dêrfan binne eigendom fan fransjizenimmers. Takom wike woansdei prate de bûnen fierder mei Blokker.