Boeren mei mûzeskea moatte makliker jild liene kinne

Mûzeskea © ANP, Catrinus van der Veen
It regear moat sjen nei de mooglikheid om boeren mei mûzeskea makliker jild te lienen. Dat wol in mearderheid yn de Twadde Keamer. De moasje dêroer fan PvdA-keamerlid Lutz Jacobi en CDA-keamerlid Jaco Geurts is tiisdeitemiddei oannaam.
It is net sa dat it Ryk aanst sels jild lient oan de boeren. Soks soe gean moatte middels it saneamde Borgstellingsfonds Landbouw. Dat fûns stiet dan garant foar de liening en de rinte dy't dêr oer betelle wurde moat. Dat makket it foar de banken makliker om jild oan de boeren út te lienen.
Neffens de moasje fan Jacobi en Geurts soe steatssekretaris Sharon Dijksma ek om tafel moatte mei de provinsjes om te sjen oft de skea ek fergoede wurde kin út it saneamde Faunafûns. Probleem is wol dat de provinsjes it jild út dat fûns no al brûke om bygelyks skea troch guozzen te beteljen.