Reade tried: Leauwe jo alles wat yn de media sein wurdt?

11 feb 2015 - 05:59

De Amerikaanske nijslêzer Brian Williams kaam yn opspraak. Hy sei dat er by it meitsjen fan in reportaazje yn Irak yn 2003 yn in gefjochtshelikopter siet, dy't rekke waard troch granaten. Irak-feteranen sprutsen dat ferhaal tsjin en Williams moast tajaan dat er yndied net yn de hely siet. Wol yn in hely yn de buert fan in OARE hely dy't rekke waard, mar net yn in tastel dat sels rekke waard. Hy is no opstapt as nijslêzer. Dat ropt de fraach op:

Leauwe jo alles wat yn de media sein wurdt?

En... Hokker media leauwe jo wol en hokker miskien wat minder?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)