Súdwest-Fryslân hat berne-opfang goed foarinoar

© ANP
Minister Lodewijk Asscher fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid is tefreden oer de berne-opfang en pjutteboartersplakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente hat in brief krigen fan de minister dêr't dit boadskip yn stiet.
De ynspeksje fan it Underwiis makket elk jier in risikoanalyze foar alle Nederlânske gemeenten. Neffens de minister komt Súdwest-Fryslân hjir goed út. De taken op it gebiet fan tafersjoch en hânhavening wurde goed útfierd.