Jachtbouwer Warkum makket trochstart yn kachelhout

10 feb 2015 - 12:20

Jachtbouwer Henk Jan de Jong út Warkum makket in trochstart mei Sierra Nevade yn Harns. It bedriuw dat kachelhout makket, gie in pear moanne lyn fallyt. De Jong socht in twadde tak foar syn bedriuw, omdat de ferkeap fan nije of gebrûkte syl- en motorjachten hielendal stil leit. It wie dreech om jild foar de trochstart te krijen, want de banken hienen der gjin nocht oan. Mei help fan de provinsje is it dochs slagge.

De Jong pakt it oars oan as syn foargongers. Hy ferkeapet ek oare houtprodukten.

It giet dan om tsiisplanken, snijplanken en houten bakken om it kachelhout yn op te bergjen. It bedriuw krijt it hout fan Steatsboskbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)