Ljouwerter mei 25 boltsjes drugs oanhâlden
In 22-jierrige Ljouwerter automobilist is moandeitejûn oanhâlden yn de Boeiersrjitte yn Ljouwert. De man waard oanhâlden foar in kontrôle en doe die bliken dat hy 25 boltsjes drugs by him hie. Hy is meinommen nei it buro foar ferhoar.