Untslaggen by winkelketen Blokker

By winkelketen Blokker krije goed 440 meiwurkers dien. De ûntslaggen falle ûnder it personiel fan de 250 eigen winkels fan Blokker. Neffens de direksje is in hurde reorganisaasje nedich om't de omsetten bot weromrinne. De winkels lûke hieltyd minder publyk en konsuminten jouwe folle minder jild út. Neist de ûntslaggen wol de ûndernimming ek fleksibelere wurktiden ynfiere.
Yn Fryslân binne 21 Blokkerwinkels. Acht dêrfan binne eigendom fan fransjizenimmers. Hoefolle Fryske meiwurkers oft dien krije, is net bekend.