Tûzenen banen ferdwine yn de noardlike soarchsektor

Der ferdwine yn Noard-Nederlân de kommende jierren 5000 banen yn de soarchsektor. Dat blykt út in grut ûndersyk dat hâlden is ûnder direkteuren fan soarchynstellings en wolwêzensorganisaasjes. It weromrinnen fan wurk hat te krijen mei it feit dat gemeenten fan 1 jannewaris 2015 foar in grut tal soarchtaken ferantwurdlik binne, mar tagelyk flink besunigje.
De ferwachting is dat der benammen banen ferlern geane yn de thús- en âldereinsoarch.