Minister lit isolaasje fan huzen om fleanbasis kontrolearje

09 feb 2015 - 17:22

Definsje besjocht oft de lûdsisolaasje fan huzen om de fleanbasis hinne noch foldocht. Dy tasizzing die minister Hennis fan Definsje moandei oan de omwenners fan de basis. It petear tusken omwenners en minister gie foaral oer it lûd fan it nije jachtfleantúch JSF. It gie ek oer de fersmoarging dy't frijkomt by it opstigen en delkommen fan de fleantugen. Wethâlder Diks fan Ljouwert frege oft de miljeufergunning fan de fleanbasis ek iepenbier wurde kin. Dat is oant no ta wegere. De minister sil dêr nochris nei sjen.

De minister wie troch omwenners útnoege. De gearkomst wie ynformeel en ferrûn neffens Geert Verf hiel goed. Verf is ien fan de fertsjintwurdigers fan de omwenners yn de saneamde kommisje lûdshinder. Hy krige de tasizzing fan de minister dat sy takom jier werom komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)