GGZ lilk op nije politike partij fanwege namme en logo

09 feb 2015 - 17:07

De GGZ Fryslân sil juridyske stappen nimme tsjin de nije politike partij "Denk". Dy partij fan twa Turkske keamerleden dy't koartlyn út de PvdA stapten, brûkt neffens de GGZ de namme èn it logo fan in ûnderdiel fan de Fryske GGZ.

De sûnensorganisaasje neamt it "ûnakseptabel" dat de politisy Kuzu en Öztürk keazen ha foar in namme dy't al sûnt 2010 brûkt en registrearre is. De GGZ wol dat de partij "Denk" in oare namme betinkt.

Trefwurden: 
GGZ Denk politike partij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)