'Man met snor' Nederlânsk kampioen teatersport

09 feb 2015 - 16:18

It Ljouwerter ymprovisaasjeteaterselsskip 'Man met Snor' is ôfrûne wykein Nederlânsk kampioen teatersport wurden. It is foar de twadde kear dat de Ljouwerters de bêsten binne.

It Nederlansk kampioenskip wie dit wykein yn Utrecht en dêr der diene 35 teams oan mei. De Ljouwerter klup stie yn de dreechste pûl en wûn úteinlik fan de winners fan ferline jier. Teatersport is in foarm fan ymprovisaasjeteater dêr't twa teams fan fjouwer spilers it tsjin mekoar opnimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)