Frijgeselle boeren socht foar 'Bynt siket Boer'

09 feb 2015 - 15:07

'Boer zoekt vrouw' bestiet 10 jier. Mar sneu genôch sit der yn dit jubileum-seizoen net in Fryske boer yn it programma. Dêrom komt de redaksje fan Bynt mei in eigen 'Bynt siket Boer'. De fokus leit op de gemeente Ferwerderadiel. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat yn dizze gemeente, relatyf sjoen, de measte frijgeselle boeren fan Nederlân wenje. Mear as in kwart is allinnich.

Presintator fan 'Bynt siket Boer' is Raynaud Ritsma. Hy is bekend fan it berneprogramma Tsjek en fan de band Vangrail.

Frijgeselle boeren kinne harren opjaan fia it email-adres Bynt@omropfryslan.nl. Ut de ynstjoerings wurde twa boeren selektearre. Sy sille mei Raynaud Ritsma op syk nei de wiere leafde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)