Roobol-bestjoerder net bliid mei plannen Burgerskoalle

Roobol-bestjoerder Trees Galama is teloarsteld oer it plan fan ferûntrêste âlden om in nije skoalle op te setten. Se hopet dat de partijen it noch iens wurde, mar seit dat it passend ûnderwiis by Roobol net sa bliuwe kin as de lêste pear jier. De âlden wolle mei in eigen skoalle begjinne, omdat se frustrearre binne oer de gong fan saken by it passend ûnderwiis foar sawol heechbegaafde as dreech learende bern. De âlden fersette har ek tsjin it fuortgean fan master Germ de Vries. Dêrnjonken soe frou Galama solistysk te wurk gean.