Fryske Akademy befreget 30.000 Friezen oer it Frysk

09 feb 2015 - 12:22

De Fryske Akademy sil in hiel grut ûndersyk útfiere nei it Frysk. Moarn krije 30.000 Friezen in útnoeging foar de enkête yn de brievebus. Dêryn stean 50 fragen oer de Fryske taal. De útslaggen fan de enkête wurde net earder as yn 2016 ferwachte.

Dêrnei komt noch in ferfolch mei 250 minsken dy't oan de earste enkête meidien hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)