Caroline Karte fan Warten nei New York Fashionweek

In moaie útdaging foar Caroline Karte fan Warten
Caroline Karte fan Warten sil oan it wurk by de New York Fashionweek. Se is troch ûntwerper Carmichael Byfield útkeazen om de make-up en kapsels te ûntwerpen en lieding te jaan oan it team út New York. Karte sit noch net sa lang yn it fak. Se docht wolris hier en make-up foar in freon dy't fotograaf is. Sa is se opfallen en frege foar de grutte klus. By in fotoshoot is se de ûntwerper tsjinkaam en wie der in klik. De New York Fashionweek is ien fan de grutste moade-eveneminten fan de wrâld. It begjint no tongersdei.