Plysje Burgum wol fan stellen guod ôf

09 feb 2015 - 09:42

De plysje yn Burgum hâldt kommende sneon tusken 11.00 en 15.00 oere in sjochdei foar stellen guod dat fûn is yn in garaazje yn Bûtenpost. De 25-jierrige eigener út Hurdegaryp waard yn desimber oanhâlden op fertinking fan in rige ynbraken. Syn bút bestie foar it grutste part út ark. In part fan it stellen guod is ûndertusken werom by de eigeners, mar in oar part koe noch net teplak brocht wrude. Minsken dy't tinke dat der guod fan harren by sit, kinne har by de plysje oanmelde foar de sjochdei.

Trefwurden: 
Burgum stellen guod sjochdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)