Ferkiezing meast duorsume boer fan Fryslân

Fan tiisdei ôf kin stimd wurde op de meast duorsume boer fan Fryslân. Yn totaal binne der fiif kandidaten. De ferkiezing fynt foar de earste kear plak en sil ien kear yn de twa jier hâlden wurde. De organisaasje is yn hannen fan de provinsje, It Nordwin College en de Agraryske Jongerein Fryslân. Doel is om duorsum buorkjen by boeren te stimulearjen. Elkenien kin oant 1 maart stimme op www.duurzameboer.nl/de-verkiezing