Plysje pakt diseldieven op A7 by Terwispel
De plysje hat sneintejûn op de A7 by Terwispel twa diseldieven oanhâlden. It giet om in 45-jierrige man út Opmeer en in 40-jierrige man sûnder fêst wenplak. De plysje tinkt dat de stellen disel fan it bedriuweterrein IBF by It Hearrenfean komt. Bedriuwen dy't fernimme dat se slachtoffer binne, wurde oproppen om oanjefte te dwaan.