Brânwacht twa kear nei skoarstienbrân Drachten

© Sicco Riedstra
De brânwacht yn Drachten is sneintejûn twa kear útrukt foar in brân yn in hûs oan 't Súd yn Drachten. De brân ûntstie yn de skoarstien. De brânwacht ûndersocht de melding ûnder oare mei in waarmtebyldkamera, mar koe neat ûntdekke. In dik healoere letter wie der wol brân, wêrnei't de brânwacht opnij útrukte. Mei help fan in ljedderwein koene se it fjoer bestride.