Alden learlingen Burgerskoalle wolle nije skoalle

09 feb 2015 - 06:09

Ferûntrêste âlden fan de Burgerskoalle yn Dokkum ha plannen om in nije skoalle op te setten. It inisjatyf is naam om't der al langere tiid grutte frustraasje is oer de gong fan saken op 'e basisskoalle. De lêste moannen is der in heechoprinnend konflikt ûntstien tusken ûnderwiisorganisaasje Roobol en in groep âlden fan learlingen. Sy binne it net iens mei it twongen fuortgean fan master Germ de Vries.

Ek ha se gjin goed wurd oer foar it optreden fan Roobol-bestjoerder Trees Galama. Sy soe folslein solistysk te wurk gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)