Knegt en Breeuwsma pakke goud op de ôflossing

08 feb 2015 - 18:28

Shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma pakten snein mei de manljusefterfolgingsploech it goud op it ûnderdiel ôflossing by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Dresden. Yn de finale wist Knegt as slotrider mei minym ferskil Hongarije foar te bliuwen op de einstreek. It brûns wie foar Sina.

By de froulju einigen Rianne de Vries en debutante Roza Kooystra mei Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven teloarstellend njonken it poadium. De winst gong oertsjûgjend nei Kanada, dat mei in romme foarsprong de finale wûn foar Italië en Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)