Follybalfroulju Snits winne fan Peelpush

08 feb 2015 - 17:39

De follybalsters fan Snits wûnen snein yn in spannende fiifsetter mei 3-2 fan Peelpush. Yn it Limboarchske Meijel joegen de Snitser froulju yn de earste set in 21-18 foarsprong út hannen, wêrtrocht de setwinst mei 26-24 nei Peelpush gong. Yn de twadde set pakten de Snitsers yn 20 minuten mei 25-18 de setwinst.

De tredde set gong lang lykop, mar by 20-20 rûnen de Snitser froulju út nei 25-20. Peelpush fjochte him lykwols mei 25-19 werom yn de wedstriid. En dus moast der in fyfde set oan te pas komme, dy't troch Snits mei 15-11 wûn waard.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal Peelpush
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)