Snits Wyt Swart ferspilet djoere punten by Germania

© Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart Boso kaam snein net fierder as in 3-3 lykspul by Germania. Yn Groesbeek kaam de Snitser koprinner al betiid yn de westriid op efterstân. Yn de 13e minút soarge Sean de Ruiter foar de lykmakker. Tjeerd Andringa sette de Snitsers dêrnei op foarsprong, mar foar rêst kaam de thúsploech dochs wer op likense hichte.
Nei rêst duorre it lang foardat der skoard waard. Yn de slotminuten tekene Age Hains Boersma foar de 3-2, mar yn it slot kaam Germania dochs noch wer lânsside. Mei it lykspul ferspilen de Snitsers djoere punten.