500 man ûnderweis foar winterfytsalvestêdetocht

08 feb 2015 - 10:58

Sneintemoarn om 7 oere is de winterfyts-alvestêdetocht fan start gien. By sporthal it Kealledykje yn Ljouwert binne sa'n 500 dielnimmers opstapt. Tusken tsien en alve oare moarns passearden de measte dielnimmers stimpelpost Starum.

Der dogge fytsers en steppers oan it nije evenemint mei. It is foar it earst dat der in winterfytsalvestêdetocht ferriden wurdt. It giet om in inisjatyf fan Friesland Beweegt en it fytsersbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)