UNIS Flyers wint fan Herentals

07 feb 2015 - 23:36

It wurdt al hast gewoan. De UNIS Flyers komme it iis op en winne. Sneontejûn waard Herentals út Belgie op it iis fan Thialf mei 4-1 ferslein. It ferskil waard makke yn de earste perioade. Mitch Bruijsten, Giovanni Vogelaar en Josh Prudden setten foar de Feansters de 3-0 op it skoareboerd.

Yn de twadde perioade die Anton op de Beeck foar Herentals wat werom. Flyer Mitch Bruijsten soarge foar it slotakkoard.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)