Wüst stelt teloar op 1000 meter, Richardson wint op 'e nij

It poadium fan de 1500 meter © ANP
Ireen Wüst is sneon teloarstellend as fyfde einige op de earste 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. Wüst kaam net fierder as 1.16.32 en moast dêrmei de top fjouwer fier foargean litte. Wol wist Wüst Marrit Leenstra fan Wikel krekt foar te bliuwen. Leenstra klokte 1.16.36 en waard sechsde.
De winst gong lykas op de 500 meter nei de Amerikaanse Heather Richardson. De freondinne fan Jorrit Bergsma wie oppermachtich mei 1.14.87. Lângenoate Brittany Bowe waard twadde (1.15.38), foar de Sinese Qishi Li (1.15.89).
Margot Boer fan Goaiïngaryp einige mei 1.17.35 as alfde. Earder op de dei waard se ek al alfde op de 500 meter.
De winst by de manlju op de earste 1000 meter gong nei Kjeld Nuis. Hy wist mei syn winnende tiid fan 1.08.76 yn in rjochtstreeks duel de Rus Pavel Kulizhnikov foar te bliuwen. De Rus waard mei 1.08.97 twadde. De Dútser Nico Ihle einige as tredde mei 1.09.06.