De hinnen meie snein wer nei bûten

Snein meie alle frije útrinhinnen wer nei bûten. Dan komt in ein oan de ophokplicht. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat dat freed bekendmakke. It binne meast biologyske hinnehâlders, dy't frije útrinhinnen ha. Neffens bestjoerder Piet Faber fan LTO Noard is it mar de fraach oft de plomfeehâlders de hinnen ek nei bûten gean litte.
De fûgeltrek komt wer op gong en boeren binne benaud dat trekfûgels de fûgelgryp op hinnen oerbringe. De ophokplicht gie tolve wike lyn yn, fanwege de útbraak fan fûgelgryp.
Yn de ôfrûne moannen mochten de aaien fan de frije útrinhinnen noch ferkocht wurde as 'frije-útrin-aaien', ek al sieten de hinnen ophokt. Mar nei tolve wike mei dat net mear, skriuwe Europeeske regels foar. Dat soe de boeren in soad jild kostje. Dêrom moast steatssiktaris Sharon Dijksma no it beslút nimme, om de hinnen nei bûten gean te litten.