Psy-Fi fiert lûdstesten út by Ketlik

De organisaasje fan it Psy-Fi Festival wol lûdsoerlêst tsjingean. Dêrom binne sneontemiddei by firma Ponne yn Ketlik lûdstesten dien mei striepakken. De bedoeling is om benammen de lege lûdstoanen te dempen.
It dûnsfestival is de ôfrûne simmer foar it earst holden op it Griene Stjer-terrein by Ljouwert. Omdat it festival dei en nacht trochgie binne doe in soad klachten binnenkaam oer lûdsoerlêst.