Maratonriders Bart en Elma de Vries twa en trije yn Falun

Broer en suster, Bart en Elma de Vries fan De Haule, ha sneon in twadde en in tredde plak helle by de KPN Grand Prix wedstriid op de Runnmar yn it Sweedske Falun. By de froulju gong de winst oer 100 kilometer nei Mariska Huisman. Foske Tamar van der Wal waard twadde. By de manlju gong de winst nei Sjaak Schipper út Medemblik. Nei 150 kilometer fersloech hy mei oermacht ploechmaat Bart de Vries en Jouke Hoogeveen (berne yn Drylts) yn in spannende finale. Schipper koe rom foar de einstreek de hannen yn 'e loft smite.
De lêste KPN Grand Prix wedstriid wurdt nije wike sneon riden op it iis fan FlevOnice yn Biddinghuizen.