Mienskipsstipe foar restaurant De Golle yn Hieslum oertekene

07 feb 2015 - 12:36

It crowdfundingprojekt foar wurklearbedriuw Op 'e Timpe yn Hieslum hat yn tsien dagen tiid al 60.000 euro oplevere. Undernimmers Sita Adema en Jan Maarten Visser hiene ferlet fan jild om de skuorre fan harren pleats te ferbouwen ta restaurant De Golle. Se wiene al mei de ferbouwing útein set, mar hiene te min jild om it ôf te meitsjen.

Egbertjan Kroes fan de Crowdfunding Alliantie is bliid ferrast dat it frege bedrach fan 60.000 euro al sa gau op it kleed kaam is. Der stie in termyn fan 90 dagen om it jild út de merk te heljen.

Kroes hie ferwachte dat it wol ien oant twa moanne duorje soe. Tsien dagen fynt ek hy wol hiel flot. De oanfraach om jild is sels oertekene, wêrtroch Op 'e Timpe no guon ynteressearre ynvestearders teloarstelle moat. De ferbouwing fan de pleats kin no mei faasje trochset wurde. It is it doel dat it nije restaurant yn juny feestlik iepene wurdt.

Crowdfunding of mienskipsstipe wurdt de lêste tiid hieltiid populêrder, ek omdat de banken de lêste tiid mar in hiel lyts bytsje rinte jouwe foar jild op sparrekkens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)