Jongeren berôve fan mobile tillefoan yn Ljouwert

07 feb 2015 - 12:00

Twa jongeren binne freedtejûn yn Ljouwert berôve fan harren mobile tillefoans. Dat barde op De Kei en de Grinzerstrjitwei. De plysje giet der fan út dat de berôvings troch deselde man mei donkere hûdskleur dien binne. Oan it begjin fan de jûn waarden in famke (17) en har freondinne op De Kei troch in man achterop fytst.

In jonge (15) waard letter op 'e jûn op 'e Grinzerstrjitwei troch in man oanholden en yn it gesicht slein. De plysje ûndersiket oft de twa strjitrôven ferbân hâlde mei oare berôvings earder dizze wike yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)