Schreijer: Mooglik dochs Europeesk jild foar mûzeskea

07 feb 2015 - 10:55

Mooglik komme Fryske boeren mei mûzeskea dochs yn oanmerking foar Europeeske herstelskea. Dat sei CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik freed op in moeting fan regionale en Europeeske politisy mei sa'n 80 'mûzeboeren' op It Hearrenfean. Neffens frou Schreijer kinne boeren yn 'e beneaming foar stipe komme as der oan in tal betingsten foldien wurdt.

Sa is it nedich dat steatssekretaris Dijksma en de provinsje de mûzepleach as ramp definiearje. Fierder moat op syn minst 30 prosint lân fan in bunder oantaaste wêze.

Op dit stuit binne der al sa'n tûzen meldings fan mûzeskea dien. Dizze wike makke deputearre steaten bekend dat de provinsje de taksaasje fan de skea betellet. Dy taksaasje sil heal febrewaris plakfine en wurdt útfierd troch it Faunafûns. De provinsje advisearret boeren dan ek om te wachtsjen mei ploegjen oant de taksateurs del west hawwe. Boeren dy't skea hawwe kinne in skeaformulier ynfolje op de webside fan LTO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)