Sykaksje plysje nei twa oerfallers yn Drachten

De plysje hat freedtenacht yn Drachten in sykaksje hâlden nei twa húsoerfallers. De oerfallers wiene flak nei middernacht in wente binnendrongen oan De Frisia yn de wyk De Folgeren. De bewenster (22) en in freon (18) rekken net ferwûne. De oerfallers easken jild en makken nei alle gedachten gebrûk fan in fjoerwapen.
De plysje hat by de sykaksje de wyk foar in koart skoft ôfsletten, mar de manlju waarden net fûn. Ien fan de twa fertochten hie in tinte hûdskleur en droeg in trainingsbroek mei wite skuon dêrûnder.
De plysje freget tsjûgen har te melden.