Diks: "Wenningmerk Ljouwert lûkt wer wat oan"

06 feb 2015 - 21:13

De wenningmerk yn de gemeente Ljouwert lûkt stadichoan wer oan. Dat sei wethâlder Isabelle Diks freedtemiddei by it offisjele startskot fan de seis nije twa-ûnder-ien-kap wennings yn Grou. It ôfrûne jier waarden der 713 nije huzen boud yn Ljouwert. Ek waarden der ferskate wennings sloopt, wêrtroch it tal huzen dat der yn 2014 bykaam útkomt op 540.

Dit jier wurde der nochris 580 nije wennings byboud yn Ljouwert. In teken dat de wenningmerk wer wat oanlûkt, fynt Diks.

Mei it slaan fan de earste peal joech de wethâlder freedtemiddei it startskot foar de bou fan de seis nije twa-ûnder-ien-kap wennings yn Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)