NPO stjoert Alvestêdetocht 1985 op 'e nij út

Alvestêdekrúske © Omrop Fryslân
De publike omrop sil op sneon 21 febrewaris de 13-oeren duorjende útstjoering oer de Alvestêdetocht fan 1985 sjen litte. Presys 30 jier nei dato bringt de NPO de tocht op 'e nij op tillevyzje. Evert van Benthem mocht him doe nei 6 oeren en 47 minuten ta winner fan de Tocht der Tochten kroane litte.
De útstjoering is te besjen op it temakanaal NPO Best, dat spesjaal foar dizze gelegenheid ek beskikber is foar minsken dy't gjin abonnemint hawwe op dit kanaal.