Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard teloarsteld yn polityk

De Spiker yn Ternaard © Omrop Fryslân, Alle Faber
De wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard is teloarsteld yn de passive wize wêrop't de gemeente Dongeradiel tasjocht hoe't it komt mei fersoargingshûs De Spiker. De wurkgroep fernuveret him oer de machteleazens yn de polityk.
It is noch altyd net dúdlik wat der bart mei De Spiker. Op in ynformaasjejûn yn jannewaris sprutsen de bewenners harren massaal út foar it behâld fan it fersoargingshûs. It plan foar in oername troch de Idesta Soarchgroep is troch de kurator ôfwiisd. De wurkgroep ûndersiket no wat de mooglikheden foar nijbou binne.