Hegere omset op drafbaan Victoriapark troch nij wedsysteem
Drafbaan Victoriapark yn Wolvegea helle freedtemiddei in flink hegere omset. Dat komt troch it feroare systeem fan wedzjen. Troch in oerienkomst tusken de drafbaan fan Wolvegea, Victoria Park, de stichting Nederlandse Draf en Rensport, NDR, de Nederlanske wedorganisaasje Runnerz en de Frânske toto-organisaasje PMU kin der mei it wedzjen op de koersen mear jild fertsjinne wurde.
It nije systeem is freed yngien en al nei in oere koersen die bliken dat de omset flink heger wie as yn eardere koersen. It nije systeem liket dus in súkses te wêzen.
Uteinlik moat dêrtroch mear jild beskikber komme foar de drafsport yn Nederlân dy't it al jierren swier hat. It giet foarearst om in proef fan 10 koersdagen op Wolvegea.