Folsleine seleksje SC Hearrenfean fit

06 feb 2015 - 17:34

De seleksje fan SC Hearrenfean is klear foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle fan sneon. Trainer Dwight Lodeweges hat wat te kiezen, want de folsleine seleksje is fit. Hy woe noch net sizze oft Hearrenfean tsjin PEC Zwolle mei deselde alve spilers begjint as yn de wedstriid fan woansdei tsjin Feyenoord. PEC Zwolle is de nûmer trije fan de earedivyzje, dêr stiet Hearrenfean sân punten efter op it sânde plak. Woansdei kamen de Feansters ek al yn aksje. Doe waard der mei 3-1 wûn fan Feyenoord.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)