Reade tried: Moat de fytshelm ferplicht wurde?

09 feb 2015 - 05:59

Om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen, moat der gau wat gebeure. It slagget net om it oantal ferwûnen en deaden yn it ferkear fierder werom te bringen en dêrom binne der ekstra maatregels nedich. Dat kin in helmplicht wêze foar bern, âlderen en snorfytsers en folle mear snelheidskontrôles. Ien en oar stiet yn in stúdzje fan de Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid. Oanlieding foar dy stúdzje is de ferwachting dat de doelen foar it oantal ferkearsslachtoffers yn 2020 net helle wurde. Wat fine jo? Soe sa'n fytshelm helpe kinne, moat der folle faker flitst wurde? Of helpt dat net en hawwe wy dy ferkearsfeiligens sels yn de hân? Better oplette, minder hurd ride, dat soarte saken. Klinkt simpel, mar hat ek effekt.

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)