Tsjongerskâns komt mei behannelplan foar tinnitus

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean © Google Streetview
Sikehûs Tjonkerskâns op It Hearrenfean komt tegearre mei gehoarspesjalist Beter Horen as earste yn Nederlân mei in ynnovative behanneling fan tinnitus. Minsken mei tinnitus hawwe in konstante pyp of rûs yn it ear. De KNO-ôfdieling fan de Tjongerskâns sil by de behanneling gebrûk meitsje fan in lyts apparaatsje, dy't ferskate toanen nei de senuwsellen yn de harsens stjoerd. Sa moatte de sellen 'reset' wurde en ferdwynt de pyp of rûs.
Pasjinten moatte it apparaatsje sa'n 4 oant 6 oeren deis by har hawwe.