Gemeente Ljouwert docht opnij drugspân ticht

06 feb 2015 - 14:00

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat op 'e nij in wente sletten fanwege de hannel yn drugs. It giet om in hûs oan de Beekkerkstraat yn de stêd. De plysje hat yn de wente harddrugs oantroffen dy't klear leine om ferhannele te wurden. Dêrnjonken hiene de plysje en gemeente ek meldings krigen fan lûdsoerlêst. It is net foar it earst dat de gemeente dit hûs op it harspit hat. De wente sil foarearst njoggen moannen sletten wurde.

Trefwurden: 
drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)