Mûzepleach hieltyd grutter en grutter

De mûzepleach yn Fryslân rukt hieltyd fierder op. Njonken boeren yn de Súdwesthoeke fan Fryslân, krije no ek lânbouwers yn oare gebieten lêst fan de skea dy't de mûzen yn it lân oanrjochtsje. Lânbou-organisaasje LTO Noard hat noch gjin sicht op mooglike oplossings. Wol fernimt de lânbou-organisaasje dat boeren hieltyd mear yn de knipe komme troch de finansjele skea. LTO ropt dêrom de belutsen partijen op om sa gau as mooglik de makke ôfspraken yn de praktyk te bringen.