Wetterskip wol grûnstof meitsje fan slib

By de wettersuvering op It Hearrenfean eksperimentearret Wetterskip Fryslân mei it taheakjen fan koalegrús oan it slib dat oerbliuwt nei de suvering fan it wetter. De proef is yn desimber úteinset en rint oant de maitiid. As de proef slagget soe dat it wetterskip en de boarger in hiel soad jild skele kinne. Troch it grús ta te heakjen, kinne je it wetter better út it slib helje en it droege guod dat je oerhâlde wol better baarne.
Dêrmei soe it slib omset wurde kinne fan ôffal nei in grûnstof.