27-jierrige man misdraagt him yn bordeel

De Weaze yn Ljouwert
In 27-jierrige ynwenner fan Amsterdam hat him yn de nacht fan tongersdei op freed misdroegen yn in bordeel yn Ljouwert. De man wie net te sprekken oer de tsjinsten dy't er ûntfongen hie. Doe't de plysje de man oanhâlde woe, die bliken dat de Amsterdammer 12 boltsjes mei harddrugs by him hie. Ek hie de fertochte gjin legitimaasje by him. De man is oanhâlden en sit noch fêst.