"Prate oer sinnepanielen yn beskerme doarpsgesicht"

06 feb 2015 - 10:28

Wethâlder Nico Oud fan It Amelân wol graach de diskusje oangean oer it pleatsen fan sinnepanielen yn in beskerme doarpsgesicht. Dat sei hy tongersdeitejûn yn Ljouwert nei ôfrin fan de presintaasje fan in rapport oer it ûnderwerp. Dêrby waard Hollum op It Amelân as foarbyld brûkt, mei in oantal kreative oplossings as gefolch. Op dit stuit mei der eins neat yn in beskerme doarpsgesicht om't sinnepanielen dat doarpsgesicht skeine kinne. Wat Oud oanbelanget is it goed om it dêr nochris oer te hawwen.

Trefwurden: 
Amelân sinnepanielen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)