Omrop TIP: Oare Eagen, ferskillen tuskken manlju en froulju

Froulju kinne net autoride en manlju hearre de kostwinner te wêzen. Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei de ferskillen tusken manlju en froulju?
Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de lêste ôflevering steane de ferskillen tusken manlju en froulju sintraal. Tinke jongelju echt oars as âldelju oer it tema of binne dy ferskillen eins net sa grut?
Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!
‘It is logysk dat froulju minder fertsjinje as manlju’, is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/Omrop, en jou dyn miening!