Omrop TIP: Oare Eagen oer foaroardielen
It uterlik? Dêr kinst oan sjen hoe’t immen is! Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei foaroardielen, pleatse wy minsken yn hokjes?
Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de tredde ôflevering stiet it tema foaroardielen sintraal. Tinke jonge minsken echt oars as âldere minsken oer foaroardielen of binne dy ferskillen eins net sa grut?
Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!
‘Krije minsken te gau in etiket opplakt of just net?’, is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/Omrop, en jou dyn miening!